AMERIJKE
AMERIJKE
maandag 10 maart 2008 12:28 It is moandeitemoarn. De skuorredoarren steane iepen, sadat de gloede fan 'e sinnestrielen de stâl yn it ljocht set. Spinreagen hingje as siden triedden, troch de spinnen sa keunstich weve, yn 'e naal.
"Sjochst dy hazzen troch it lân draven?" freget Janna my. Janna wennet hjir ek. Wy binne hast like âld.
Wy wenje hjir mei sa'n 40 kij yn 'e stâl, jong en âld, grut en lyts. Wy rinne allegearre los, samar trochinoar hinne. Mar dat sil meikoarten wol wer feroarje, want yn maart wurde der kealtsjes berne. En dan krije wy in kreamôfdieling.
"Au"! Dêr krij ik my in dúst yn 'e rêch fan Henske. Ik lei krekt sa noflik yn it strie wat nei te tinken. "Oh"!
Jimme witte noch net wa 't wy binne. No, ik sil my efkes foarstelle. Ik bin Matsje en ien fan 'e âldste kij yn de potstâl yn Drylts. Wy binne hjir mei in hiele famylje Fryske Reabûnte kij. Wy binne mei rjocht en reden in "minderheidsgroep" yn de grutte wrâld fan hoarnfee. It is hast krekt lykas by de minsken; dêr komme ek hieltyd minder readhierrigen foar. It libben yn dizze stâl is ús bêst nei 't sin. Wy wurde suver oant yn 'e grûn bedoarn. Kinst hjir hiel goed âld wurde en dat is krekt wat wy wolle. Noflik yn it strie lizze, efkes in pear trêden omheech om wat fretten. Poerbêst hea út de Ruterpolder, dy't hjir efter de pleats leit en dêr't wy simmers op fakânsje binne.
De lêste tiid giet der wol gauris wat praat oer saneamd komfort foar de kij. No, dêr is hjir neat mei yn 'e war. Marianne Thieme soe der stil fan wurde. Ik kin der nammers net rjocht by dat dy partij troch minsken ynnommen wurdt. Dat soenen wy dochs dwaan moatte? Hoe kin in bûtensteander no oanfiele hoe't wy ús fiele. Us fersoarging is bêst ynoarder, dêr leit it net oan. En dochs fiele wy ús wolris wat tekoart dien middenmank al dy grutte swartbûnte famyljes yn ús lân.
Wy as minderheidsgroep, mei read hier, soenen bêst eefkes mear omtinken fan de boeren krije meie. En dan benammen fan dyselden mei Frysk bloed yn 'e ieren. Want wêrtroch is de boerestân yn Fryslân sa grut wurden? No sa! Troch ús! Om 1900 hinne soargen ús foarâlden derfoar dat de suvelyndustry yn Fryslân op gong kaam. Mar, op in stuit hienen hja ús net mear nedich. Swart, dat wie it. Wy hawwe lykwols de moedfearren net hingje litten. Wy binne der noch! Wy, Fryske kultuerkij wolle ús bern graach yntegrearjen sjen yn de grutte wrâld fan alderhanne kij.
Ik wol hjir net wer wei. It is my hjir bêst genôch. Ik hoech aanst út noch yn net nei it âldereinhûs yn Sânhuzen. Mar ús bern, dy moatte de provinsje yn!
Ik jou de pinne troch oan Janna,
groetnis fan Matsje.