AMERIJKE 40
AMERIJKE 40
zaterdag 23 juli 2011 21:05 Ik tink oan eartiids. Winliken is dat net goed. Foarút tinke is better. Plannen meitsje foar de takomst: hoe wol ik dat myn libben derút sjen sil? Mar op in stuit begjinst yn dyn libben werom te tinken oan de dingen dy't foarbygien binne. Dan sjoch ik it gea foar my dêr't ik hikke en tein bin. En dat is net op Rispens State. Ik bin berne op in buorkerij yn Lettelbert yn Grinslân op 19 juny 1996.
Ik soe werom wolle nei dy omkriten. Tagelyk freegje ik my ôf oft dyselde boeren dêr noch wenje sille. Soe deselde pleats dêr't ik berne bin der noch stean? Soe ik myn kammeraatskes dêr't ik mei opgroeid bin dêr noch moetsje? Mooglik is alles der wol wei en rint der no in fjouwerbaansdyk troch ús greiden en binne de pleatsen ferfongen troch wenhuzen of fabryksgebouwen. Soe deselde boererook der noch hingje of rûkt it dêr no nei útlaatgassen?
Nee, it liket my dochs mar better en bliuw yn de Ruterpolder dêr't it skoan tahâlden is. Dat is ús ek wol oan te sjen. Wy sjogge der allegear wakker glânzich út. It is ek o sa'n noflik plak hjirre. Okkerdeis wie de boer dwaande mei it lêste fan de earste sneed binnen te heljen. Op it stoppelfjild dat oerbleau wie de foarrie dong út ús potstâl tige wolkom. Mei grutte struiweinen waard it mingsel oer de ikkers ferdield. De rein soarge derfoar dat it mineralemingsel him oan it klaai-humuskompleks fêstsette, dêrmei't it gers har gerak kriget om te groeien.
Lykswols begjin ik dochs wer oan eartiids te tinken. It benearet my suver wat. It fielt net goed oan. In soarte fan weemoed. Ik tink oan it libben en wat him hjir yn 'e Ruterpolder en op 'e pleats allegear ôfspile hat. Ik tink oan alle moaie dingen, om't ik fiel en ûnderfyn dat de jierren my sa njonkelytsen beheinings begjinne op te lizzen. Sa ek wurdt it tinken dreger mei myn Alzheimer-light. Hiel wat fan myn freonen en freondinnen hawwe dit ierdsk bestean al ferlitten, wat my ta tinken set: hoe lang haw ik noch te gean? As ik slim wurch bin tink ik dat myn libben hjir op ierde stadichoan folbrocht is. Somtiden komt dochs de kriich werom en tink ik wer oan it libben. Dêr't libbe wurdt en stoarn. Stoarn en libbe. It heart by it ierdsk bestean. As kij hawwe wy hjir op Rispens State de himel op ierde. Dat, as ik ienris stjerre sil, dan wol ik hjir graach bliuwe, yn 'e ierde fan de Ruterpolder.
dy ierde mei it grutte heimnis
dêr't libbe wurdt en stoarn
stoarn en libbe
dêr't de kosmos
him sublym fertaalt
yn fleuren en kleuren
yn foarmen en manearen
yn samar in poddestoel
in dinne-appel
in krobbe in eamelder
stikje ierde dêr't him alles ôfspilet
wat him mar ôfspylje kin
neatich stikje grûn
dêr't it grutte heimnis
him majestueus foltôget
Dat it jimme allegearre goed gean mei en lykas altyd in dikke tút,
JANNA