AMERIJKE 9
AMERIJKE 9
zondag 11 januari 2009 19:08 Sjesa, de hjeldagen binne wer foarby. By ús yn 'e stâl is spitigernôch gjin krystbern berne. Beikje krige yn 'e nacht fan 22 op 23 desimber wol weeën. Hja hat in tsjeppe soan op 'e wrâld set mei in moaie dûnkerreade kleur. Hy hjit fan Ruters Benno. Wol in gedoch sa by neare nacht. Der moast wat help oan te pas komme, want Beikje koe it allinnich net oprêde. Wy stiene der meiïnoar nijsgjirrich om- hinne. Alles is ynoarder kommen. Almar hipjend en hoallefoaljend bringt it jonge boltsje no gâns wille yn 'e stâl. De krysttyd wie o sa smûk. Bytiden hearden wy yn 'e fierte muzyk of sjongen. Yn it sintrum fan ús stedsje hawwe minsken ek by in moai ferljochte krystbeam lieten songen. Sjonge is wichtich foar minsk en bist. Ik haw mei Anna, Janna 132, Taltsje en Hinke ek a-capella songen. Wy hienen alle tiid om te oefenjen. Wy kinne werklik wûndere djippe toanen út ús binnenst helje. Oerlûden binne dat. It gie by de dei better. Wy steane net stil ûnder it sjongen. Nee, wy springe en drave de stâl troch, safolle wille ha wy der oan. Witte jo wol dat balten (sa neame wy ús sjongen) tige goed foar jin is? It jout jin in langer libben, in better figuer, in lykmjittich sin, grutter yntelliginsje, mear selsbetrouwen, gefoel foar humor en faaks noch wol it foarnaamste: nije kammeraatskes. En sjongen is goed foar de longen. Dy brûkst neffens my by it sjongen oars as de rest fan 'e dei.
Op in jûn waarden wy tige kjel fan ferheftich knallen en fan fjoer dat troch de loften sweefde. In lyts oere duorre dat knal- en fjoerwurk sawat. Wy gongen deun tsjin elkoar oan stean en de bern sochten har memmen op. It wie benaud. Feia frege har ôf oft it oarloch wie, mar Henske stelde ús gerêst. It wie de jierwiksel en dêr hearde dat fjoerwurk no ienris by. Stadichoan bekaam it leven. Yn 'e fierte klonken noch wat stimmen. Klompen klosken op it paad. Buorman rûn in rûntsje troch en om de stâl om te sjen oft alles ynoarder wie. Dêrnei waard it earst alhiel stil en koenen wy inoar in goed nijjier tawinskje. Isolde droech noch in tradysjoneel gedichtsje foar en dêrnei joegen wy ús del yn it strie foar de nacht.
Komt burgers, komt nu allen terstond
Het nieuwe jaar intreden.
Ik wens u op deez' vasten grond
Veel heil, geluk en zegen.
Het oude jaar dat is verdwee'n
Het nieuwe zijn we ingetree'n.
Oant sjen, Janna
Ruters Benno